Kompensaasje foar brânwacht

03 feb 2006 - 15:09

De brânwacht yn Noardeast-Fryslân wol wurkjouwers kompenseare at wurknimmers as frijwilliger oproppen wurde. Kommandant Van der Veen fynt it in goeie saak om brânwachtfrijwilligers ien of twa dagen yn 'e moanne yn te keapjen fan de wurkjouwer.

Der wurdt yntusken praat mei de 180 frijwilligers om te freegjen wat sy fan it plan fine. It jild dat nedich is om de wurkjouwers te kompensearen, moat fan de gemeenten komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)