SC Hearrenfean út 'e beker

© Omrop Fryslân
SC Hearrenfean is der net yn slagge de heale finale fan it toernoai om de nasjonale beker te heljen. Yn it eigen Abe Lenstra stadion waard de ploeg fan trener Gertjan Verbeek mei 0-3 ferslein troch Ajax. De Amsterdammers iepenen de skoare yn de earste helte nei in flater fan ferdigener Breuer. Ald-Hearrenfean spits Klaas Jan Huntelaar besliste de wedstriid ien minút foar tiid. Yn blessueretiid waard it ek noch 0-3.