Undernimmer en dosint op staazje

03 feb 2006 - 12:07

Acht Fryske ûndernimmers sille de kommende moannen de skoalbankjes yn. Sy sille op de beropsopliedingen sjen hoe't it ûnderwiis ferbettere wurde kin. Olve dosinten fan de skoallen sille by de ûndernimmers op staazje.

It giet om in nij projekt fan de Keamer fan Keaphannel dat tongersdei begûn is. Doel is it ûnderwiis better oanslúte te litten op de praktyk. Op 29 maaie hoopje sy mei de earste resultaten te kommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)