Prate oer mishanneling âlderein

© Omrop Fryslân
It Advies- en Meldpunt Huiselijk Geweld yn Fryslân wol him tenei ek dwaande hâlde mei de mishanneling fan âlderein. Mishanneling fan âlderein bart ûnder oare troch har bern. Dat seit koördinator Ingrid Deschesne fan it Advies en Meldpunt.
De âlderen sille opsocht wurde yn fersoargingshuzen en it personiel dêr sil troch foarljochting alert makke wurde op it probleem. Doel is it ûnderwerp better besprekber te meitsjen.