Stiltesintrum foar skoalmienskip

© Omrop Fryslân
Learlingen en dosinten fan lokaasje de Splitting fan Skoalmienskip Liudger yn Drachten kinne ynkoarten foar gebed terjochte yn har eigen stiltesintrum. It stiltesintrum wurdt nije wike yn gebrûk naam by de iepen dei fan de kristlike skoalle.
Mei de nije stilteromte wol Liudger mear omtinken jaan oan it kristlike karakter fan de skoalle. De oanlis fan de nije romte is opmerklik omdat guon oare skoallen har stilteromtes slute.