Oanhâldings foar brân Febo

03 feb 2006 - 11:19

De plysje hat tiisdei yn Ljouwert trije fertochten oanhâlden foar de brân yn de Febo-snackbar yn Ljouwert. Twa fertochten fan 21 en 23 jier komme út Swolle en wurkje dêr by de FEBO. De oare fertochte is 21 jier en komt út Roermond. Alle trije fertochten hawwe yntusken in bekentenis ôflein.

De Febo oan it Ruterskertier baarnde op 24 oktober ferline jier folslein ôf. It die gau bliken dat it om brânstifting gie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)