Gaasterlân gedoocht jeugdhonken

03 feb 2006 - 11:19

De gemeente Gaasterlân-Sleat sil twa karavans dy't brûkt wurde as jeugdhonk, gedoge. De karavans stean yn Sondel en Aldemardum. Neffens de gemeente giet it om in lanlike primeur.

Gaasterlân-Sleat kiest foar dizze konstruksje, omdat se bang binne dat der wol ris brângefaarlike situaasjes ûntstean kinne. De twa karavans dy't de gemeente no gedoocht foldogge oan alle brânfeiligens-easken. Der binne bygelyks twa needútgongen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)