Hearrenfean supporter wurdt 100

03 feb 2006 - 11:18

De âldste supporter fan sportklub Hearrenfean is tongersdei 100 jier wurden. It giet om frou Van der Vlugt-Knobbe út Hearrenfean. Fanwege it jubileum krige frou Van der Vlugt besite fan Hearrenfean-trainer Gertjan Verbeek.

Verbeek naam in ynliste t-shirt fan Hearrenfean mei, mei dêrop alle hantekens fan de spilers. Frou Van der Vlugt is noch geregeld oanwêzich by de thúswedstriden fan Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)