Underwiisburo yn grutter ferbân

03 feb 2006 - 11:18

It ûnderwiiskundich advysburo fan Opsterlân moat ûnderbrocht wurde yn in gruttere organisaasje. It is te lyts om selsstannich troch te gean. Dat hat B & W fan Opsterlân besletten. It advysburo leit ûnder fjoer sûnt in ferneatigjend rapport fan de ûnderwiisynspeksje.

In 4e part fan de learlingen hellet oan de ein fan de basisskoalle ûnfoldwaande resultaten. Cedin is no ien fan de gadingmakkers om it advysburo oer te nimmen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)