Nije haven Terherne noch net wis

© Omrop Fryslân
It is noch net hielendal wis oft Terherne in haven foar klassike skippen krijt. De haven is bestemd foar âlde skipstypen, lykas skûtsjes, preammen en boeiers. De ried fan Boarnsterhim gie ferline jier akkoart mei de nije haven.
De polityk koe woansdeitejûn yn de riedskommisje nochris syn sechje dwaan oer de kosten. De nije haven moat mear as 1,2 miljoen euro kostje en dat jild moat komme fan de gemeente en fan oerheidsynstellings.