Fertochte net aktyf yn Bûtenpost

03 feb 2006 - 11:17

De fertochte(25) yn de saak-Aldwâld is net ferantwurdlik foar de oanranding fan in famke(12) yn Bûtenpost yn oktober ferline jier. Dat docht bliken út plysje-ûndersyk. De Westergeaster moat noch 90 dagen fêst sitten bliuwe. Dat hat de rjochtbank yn Ljouwert woansdei bepaald.

De man út Westergeest wurdt fertocht fan trije sedesaken dy't hy allegearre bekend hat. De man mei no wol wer kontakt hawwe mei de bûtenwrâld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)