UPC-proef mei digitale tv

02 feb 2006 - 17:34

Tsientûzenen Fryske kabelabonnees krije de kommende moannen in dekoder foar digitale tillevyzje tastjoerd. It giet om in proef fan kabelbedriuw UPC.

De kwaliteit fan it byld moat better wêze en der binne mear kanalen te ûntfangen. De decoder is 6 moanne fergees, dêrnei moat goed twa euro yn de moanne ekstra betelle wurde. Minsken dy't dat net wolle, moatte it apparaat ophelje litte of opstjoere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)