Baas & Skep rappe yn gemeentehûs

02 feb 2006 - 17:34

Yn it gemeentehûs fan Smellingerlân wie woansdei muzikaal protest fan de Drachtster rappers Beand Baas en Smarige Skep. Der waard in petysje oanbean oan wethâlder Veenstra. Dy tekene mei foar mear jild foar jonge popmuzikanten yn Nederlân.

Yn Den Haach wie de grutte manifestaasje mei popmuzyk. Yn it hiele lân binne 15.000 hantekens ophelle foar de Popnota, dy't yn de Twadde Keamer bepraat wurde sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)