Dokkum: hantekenaksje foar Sara

© Omrop Fryslân
Mei in hantekenaksje besykje seis famkes út Dokkum it útsetten fan ien fan har freondintsjes foar te kommen. It giet om Sara Arakeljan (11). Se komt fan Armenië, mar wennet al har heale libben yn Nederlân. Koartlyn krige de famylje Arakeljan berjocht dat se werom moatte nei harren bertelân.
De freondinnen fan Sara hawwe al in goeie 300 hantekens sammele. Dy wurde moandei oanbean oan boargemaster Cazemier fan Dongeradiel.