Bushokjes fernield

02 feb 2006 - 17:32
Foto: Omrop Fryslân

Fandalen hawwe it foarsjoen op de glêzen wachthokjes by de bushaltes yn Surhústerfean. Der binne de lêste tiid safolle bushokjes fernield dat de gemeente Achtkarspelen 36 nije glêsplaten yn bestelling hat.

De glêzen wachthokjes binne der begjin 2003 delset, krekt omdat se fandalismebestendich wêze soene. Der is swier materiaal nedich om se stikken te krijen. De gemeente oerwaget no om de bushokjes fuorthelje te litten.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)