Nije apparteminten ûnbewenber

02 feb 2006 - 17:31

Twa nij ferboude apparteminten oan de Tunen yn Ljouwert kinne net bewenne wurde om't se net te berikken binne. De trep dy't nei de apparteminten ta giet, is troch de ferbouwer Schaap Vastgoed bv út Wolvegea op in oar syn terrein pleatst. Dy woe dat net en hat de gemeente op de yllegale situaasje wiisd.

Schaap mei de trep net brûke en sit dus no mei twa nije apparteminten dêr't net ien yn wenje kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)