Ferkeap hierhûs foar hegere hier

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert sil der om tinke dat der net sosjale hierhûzen ferkocht wurde, dy't dêrnei foar in hegere hier wer oanbean wurde. Dat antwurdzje boargemaster en wethâlders op fragen fan Pal/GrienLinks. Dy partij hie heard dat de Corporatieholding in hûs oan de Joubertstrjitte ferkocht hie oan in partikulier en dat dy dat no ek wer ferhiert, foar hûndert euro mear. Ut ûndersyk blykt dat it ferhaal kloppet.