Twa nije opfanghûzen

© Omrop Fryslân
Twa opfanghûzen foar dak- en thúsleazen yn Drachten en it Hearrenfean kinne noch dit jier iepen. De plannen binne sa goed as rûn. It giet yn beide plakken om in opfang fan 20 minsken mei bygelyks in alkoholferslaving of psychiatryske problemen.
No wurde dizze minsken noch opfongen by de Terp yn Ljouwert, mar de stichting maatskiplike opfang, de SMO, wol de opfang dêr beheine. Wêr't de pensions krekt komme is noch net bekend.