MCL goed yn oanpak hertklachten

02 feb 2006 - 17:07

Sikehûs MCL yn Ljouwert docht it goed wat behanneling fan hertklachten oanbelanget. Dat docht bliken út in ûndersyk fan it Konsumintebûn. It Ljouwerter sikehûs is lanlik neffens it Konsumintebûn ien fan de koprinners.

Benammen de begelieding fan pasjinten is in grut pluspunt yn it Ljouwerter sikehûs. Ek is der in goede gearwurking mei oare soarchferlieners lykas húsartsen, thússoarch en ferpleechtehuzen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)