Pander-tempel iepen foar publyk

© Omrop Fryslân
De Pier Pander-tempel yn de Prinsetún yn Ljouwert sil nei goed 40 jier wer iepensteld wurde foar publyk. De tempel, heech op in bult achter it Tresoargebou yn it park, is eigendom fan de gemeente. It gebou is de lêste jierren fertutearzge.
De tempel wurdt opknapt en beskikber steld foar publyk. Mooglik gebeurt dat yn gearwurking mei it historysk sintrum. In soad Ljouwerters binne benijd nei it rûne, reade geboutsje.