Trouwe op skippen Harns mooglik

© Omrop Fryslân
Der mei dochs troud wurde op sylskippen yn de haven fan Harns. Earder joegen boargemaster en wethâlders gjin tastimming foar it trouwen op de skippen Iselmar en Koh-ï-Noord.
It kolleezje tocht dat der net genôch belangstelling wêze soe foar de driuwende troulokaasjes. No tinkt it kolleezje dat dy belangstelling der wol is en dat de troupartijen oan board de haven in nije ympuls jaan sille. Der komt in proef fan twa jier.