Frachtwein kantelt op oprit A7

02 feb 2006 - 09:36

In kantele frachtwein mei nertsfoer hat woansdeitemoarn foar flink wat fertraging soarge by de oprit fan de A7. De sjauffeur kaam yn de problemen doe't er by de oprit by Fryske Peallen de sneldyk op soe. Troch ûnbekende oarsaak rekke de frachtwein fan de wei en sloech om.

De brânwacht moast der oan te pas komme om de bestjoerder út de wein te heljen. De sjauffeur út Renswoude is licht ferwûne nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)