Fideoferbining tusken buro's

02 feb 2006 - 09:31

By 11 plysjeburo's yn Fryslân is woansdei offisjeel in nij fideo-konferensesysteem ynfierd. Dêrmei steane plysjeburo's troch in kamera- en lûdsferbining meiïnoar yn kontakt. Fan dy systemen steane der fjouwer op de eilannen en 7 op de fêste wal.

De hulp-offisier hoecht no net mear de hiele provinsje troch om nei fertochten te gean. Dat kin no fia de fideo-ferbining. It is de bedoeling dat alle Fryske buro's it systeem krije.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)