Mark de Vries nei SC Hearrenfean

01 feb 2006 - 17:31
Foto: Omrop Fryslân

Hearrenfean hat flak foar it sluten fan de transfermerk dochs noch in nije spits oanlutsen. It giet om Mark de Vries. De 30-jierrige De Vries komt oer fan it Ingelske Leicester City, dat yn de op ien nei heechste Ingelske profdivyzje útkomt.

De Vries spile yn it ferline yn Nederlân ûnder oare foar FC Dordrecht en Volendam. Foar Leicester spile De Vries by it Skotske Hearts. De Vries wurdt earst in heal jier hierd.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)