Spitkeet krijt nije ympulsen

© Omrop Fryslân
Temapark de Spitkeet op de Harkema krijt in klokkestoel en in holwenning. De klokkestoel komt op it earme-tsjerkhôf. It bestjoer fynt dat hôf net kompleet sûnder klokkestoel. Eartiids woe net ien begroeven wurde sûnder dat de klok let waard.
De holwenning ferwiist nei it gebrûk fan guon minsken foar wa't in plaggehut noch te djoer wie om te meitsjen. Sy makken yn in dyk in rom wenhol en besochten dêr yn te oerlibjen.