Plannen foar wenten oanpast

© Omrop Fryslân
De seis frijsteande wenten dy't oan it Fûgelliet yn Oerterp boud wurde sille, wurde oanpast. De wenten geane yn ynhâld werom fan 850 kuub nei 750 kuub. Dêrmei wurdt de ferkeappriis in stik leger. Nei ferwachting sille de lytsere hûzen better ferkeapje.
Yn de âlde plannen wiene der fjouwer belangstellenden foar de hûzen, mar dy drigen wer ôf te heakjen doe't de lêste twa hûzen net rûnen. De hûzen hawwe in priis fan goed trije ton.