Referindum: 30% opkomst nedich

© Omrop Fryslân
18.000 Ljouwerters moatte meidwaan oan it referindum oer de plannen foar in nij Saailân yn maaie. Dat komt del op 30 persint fan 'e befolking fan 18 jier en âlder. Komme dy net nei de stimbus, dan is it referindum net jildich.
De gemeenteried fan Ljouwert hat moandei besletten om de befolking nei har miening te freegjen. De ried hat moandei sels ynstimd foar in nij Saailân mei in nij Frysk museum, winkels en wenten.