'Provinsje oan ferkearde adres'

© Omrop Fryslân
De provinsje moat net by de Earste Keamer wêze foar mear jild foar Omrop Fryslân, mar by de Twadde Keamer. Dat seit CDA-Twadde Keamerlid Joop Atsma.
Yn in notysje oan de Earste Keamer freget de provinsje om mear jild, omdat Omrop Fryslân yn it Frysk útstjoert: in minderheidstaal. Yn oare lannen krije sokke omroppen folle mear jild. Neffens Atsma giet de Earste Keamer net oer it jild, mar de Twadde Keamer. De stap fan de provinsje fernuvert Atsma.