Samaras goedkard yn Manchester

© Omrop Fryslân
Oanfaller Georgios Samaras is tiisdei by Manchester City medysk goedkard en presintearre oan de Ingelske parse. City nimt Samaras foar 7,5 miljoen euro oer fan SC Hearrenfean. De spiler sei by de presintaasje dat er wiis is mei de transfer.
De trener sei dat Samaras noch net op in basisplak rekkenje mei, dat moat er earst fertsjinje. Samaras sit al wol by de seleksje foar de wedstriid fan woansdei tsjin Newcastle.