Tytsjerksteradiel ûnfeilich?

© Omrop Fryslân
Mear as de helte fan de ynwenners fan Tytsjerksteradiel fielt him yn it tsjuster en yn de buert fan groepkes jongeren wolris ûnfeilich. Dat docht bliken út in enkête ûnder hast 450 ynwenners dy't de ôfrûne moannen yn de gemeente hâlden is.
Op nûmer ien stiet de Zomerweg tusken Burgum en Hurdegaryp. Op de Rengersweg en de Canterlandseweg yn Gytsjerk fiele de Tytsjerksteradielsters harren ek ûnfeilich.