Ried Ljouwert foar Nij-Saailân

31 jan 2006 - 13:20

De Ljouwerter befolking mei him yn maaie yn in referindum útsprekke oer de nijbouplannen op it Saailân. De gemeenterie is moandeitenacht akkoart gien mei de plannen foar in nij Frysk museum, én wenten én winkels op it plein. De plannen kostje meiïnoar 117 miljoen euro.

De gemeente Ljouwert sil 18 miljoen bydrage, mar tinkt it grutste part werom te fertsjinjen mei grûnferkeap en ekstra parkearynkomsten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)