Ferlies Jong Hearrenfean

31 jan 2006 - 13:12
Foto: Omrop Fryslân

Jong Hearrenfean ferlear moandeitejûn mei 2-1 fan jong Feyenoord. De wedstriid, dy't spile waard yn it Abe Lenstra Stadion, wie ien út de kwartfinale fan it bekertoernoai.

Yn de earste helte kamen de Rotterdammers yn de 26ste minút op foarsprong. André Hanssen makke ien minút letter de lykmakker. It winnende doelpunt fan Feyenoord foel yn de 52ste minút. Doelpuntemakker: Diego Bisewar.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)