Ried net akkoart mei hotel

© Omrop Fryslân
De ried fan Amelân is noch net akkoart gien mei de komst fan in hotel oan de Yme Dunenwei yn Hollum. Neffens wethâlder IJnsen is der wol romte foar in hotel derby, mar de ried wol dat der earst sjoen oft dat parkearproblemen opsmyt.
De wethâlder lit noch útsykje hoefolle parkearplakken nedich binne foar it hotel. De PvdA op it Amelân hat al sein dat de hotelgasten har auto's net yn omlizzende strjitten parkeare moatte.