Wol Frysk yn Drachtster

31 jan 2006 - 09:06
Foto: Omrop Fryslân

Fryske stikken bliuwe gewoan wolkom op de âldereinsiden fan de Drachtster Krante. Dat hat einredakteur Prins fan de wykblêden fan de Friese Pers moandei dúdlik makke yn in petear mei Hans Roelofs. Dy is ferantwurdlik foar dy âldereinsiden, de saneamde Pluskrant.

Sneon sei Roelofs by Omrop Fryslân dat it Frysk net mear wolkom wêze soe. Hy hie soks fernaam fan in meiwurker fan de krante. Mar neffens Prins is der sprake fan in misferstân.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)