Slim ûngelok mei hynder en wein

30 jan 2006 - 14:50

In hynstemenner is moandei stoarn nei in ûngelok mei syn hynder en wein. De man, út Aldetrine, ried mei hynder en wein oer de paralleldyk fan de Pieter Stuyvesantwei. Op in bepaald stuit skrok it hynder earne fan en sloech op 'e rin. Hjirtroch begûn de wein te slingerjen en foel de man op it asfalt.

De man rekke swier ferwûne. Hy waard mei earnstich harsensletsel oerbrocht nei it sikehûs. Dêr is er moandeitemoarn ferstoarn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)