Wieteke Cramer kampioene

© Omrop Fryslân
Wieteke Cramer is snein yn Utert oertsjûgjend nasjonaal kampioene allround wurden. Se wûn alle fjouwer ôfstannen. Cramer wie superieur, want yn it einklassemint einige se mei in foarsprong fan 1,7 punt op nûmer twa Tessa van Dijk.
Troch it kampioenskip hat Cramer har automatysk kwalifisearre foar it wrâldkampioenskip yn Calgary op 18 en 19 maart. Cramer neamde it 'hartstikke gaaf' dat se alle ôfstannen wûn.