Tefolle auto's yn Achtkarspelen

© Omrop Fryslân
De gemeente Achtkarspelen wol de parkeardruk yn wenwiken yn de gemeente oanpakke. De taname fan it tal auto's yn de strjitten is in probleem oan it wurden foar de ôffalynsammelers. Ek de feechmasjine hat lêst fan alle auto's yn de strjitten.
De gemeente tinkt der oan om parkearplakken oan te lizzen yn de wenwiken. De nije gemeenteried moat hjir oer beslisse, sa lit B&W fan Achtkarspelen witte.