Rijswijker fêst foar stellerij

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneon yn Dokkum in man(34) út Rijswijk oanhâlden fanwege it stellen fan navigaasjesystemen út in winkelfitrine. In meiwurker fan in winkel oan de Grutte Breedstrjitte trapearre de man. It slagge de meiwurker ek om de man nei in lytse wrakseling oan te hâlden.
De Rijswijker waard oerdroegen oan de plysje. Dy fûn letter klean yn 'e auto fan 'e man, dy't mooglik ek stellen binne. De Rijswijker sit fêst.