Man slim ferwûne by auto-ûngelok

© Omrop Fryslân
In 69-jierrige Boalserter is sneon slim ferwûne rekke, neidat hy net goed waard efter it stjoer. De Boalserter ried oer de Westergoawei by Wommels, doe't er samar fan 'e dyk rekke. De auto ried ticht by twa lantearnpeallen en in rige beammen del, en kaam tsjin in ferkearsboerd ta stilstân.
De brânwacht hat de Boalserter út syn auto helle. De man waard oerbrocht nei it sikehûs fan Snits.