Hânbal: Stiens-Merna 24-24

30 jan 2006 - 09:03

De hânbaltopper yn 'e regioklasse A Stiens-Merna (út Grinslân) wie snein in bysûnder spannende oangelegenheid. De klok stie al op 30 menuten, doe't Stiens by in 23-24 efterstân noch in strafbal nimme mocht.

Dirk Hoekstra hâlde syn senuwen ûnder kontrôle en skoarde en sa waard it 24 tsjin 24. Stiens bliuwt troch dit lylspul koprinner yn 'e regioklasse. Allinnich de kampioen promovearret nei de haadklasse.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)