'Hûnderten Friezen gjin stroom'

© Omrop Fryslân
Der binne mooglik 400 of 500 minsken yn Fryslân dy't gjin elektrisiteit of gas hawwe. Neffens de Nederlânske feriening foar Volkskrediet, de NVVK, sitte yn Fryslân 45 húshâldens sûnder gas of stroom. Om't mar sa'n tsien persint him meldt by de NVVK, leit it wurklike oantal folle heger.
It is in toer om dizze minsken opnij oansluten te krijen. Dat kostet in pear hûndert euro en dat is faak net op te bringen, ek net mei help fan de NVVK.