Cramer wint tredde ôfstân op NK

© Omrop Fryslân
Wieteke Cramer fan it Hearrenfean hat snein by de nasjonale kampioenskippen allround yn Utert ek de tredde ôfstân wûn. Har winnende tiid op de 1500 meter wie 2.06,78. Sneon wûn Cramer ek al de 500 meter en de 3 kilometer. Troch de winst is de foarsprong fan Cramer yn it klassemint noch grutter wurden. De kâns dat se gjin nasjonaal kampioene wurdt, is dêrmei hiel lyts wurden.
Yn it klassemint stiet Tessa van Dijk twadde en Jorien Voorhuis tredde.