Hearrenfean wint fan RBC

29 jan 2006 - 13:26
Foto: Omrop Fryslân

Hearrenfean hat sneontejûn mei 0-2 fan RBC Roosendaal wûn. Op it hurde fjild yn Roosendaal kaam de ploech fan Gertjan Verbeek yn 'e earste helte op foarsprong troch in goal fan Arnold Bruggink.

Yn 'e twadde helte krige RBC in pear kânsen, mar dy wiene net oan de nûmer lêst bestege. Petter Hanssen soarge djip yn 'e twadde helte foar de beslissende 0-2. De Sweed skoarde út in hoekskop fan Daniël Pranjic.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)