Nije ploech foar Maria Sterk

28 jan 2006 - 18:27

Maratonrydster Maria Sterk fan Hallum hat in nije ploech. Se riidt takom seizoen yn de ploech fan Nicolai, Lourens en Tabak. Earder dit seizoen bruts se mei de Zuidema-ploech, omdat se it net iens wie mei de wize wêrop't trainer Hoekstra dêr oan 'e kant setten wie.

Yn har nije ploech sitte ek Carien Kleibeuker, Marja van der Werf en Liesbeth Hijlkema. Ploechlieder is Thijs de Vries fan Kollum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)