Plysje lost kidnapping op

28 jan 2006 - 11:24

Troch flot yngripen hat de Ljouwerter plysje woansdeinacht in kidnapping oplost. In 25-jierrige Ljouwerter fan Iraakse komôf hie syn 3-jierrich bern út de earms fan syn eks-frou weihelle. Hy flechte dêrop fuort mei de auto.

De Fryske plysje skeakele ekstra personiel yn, skreau in Europeesk arrestaasjebefel út en op Skiphol en oan de grinzen waard ekstra bewaking ynsteld. Oeren letter waard de man arrestearre mei it bern noch by him.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)