Samaras spilet net tsjin RBC

© Omrop Fryslân
Georgios Samaras (20) docht kommende sneon net mei yn de útwedstryd tsjin RBC. Neffens trainer Gert Jan Verbeek is Samaras siik. Mar direksjelid Yme Kuiper seit dat Samaras thús sit om syn ôfketste transfer nei it Ingelske Manchester City te ferwurkjen.
Samaras krige ôfrûne fan de KNVB artibraazjekommisje te hearren dat hy net nei Manchester City mei omdat syn kontrakt by Hearrenfean noch 2,5 jier troch rint.