Prager bliuwt by Hearrenfean

27 jan 2006 - 16:51

Sparta en Hearrenfean wienen al akkoart en ek Thomas Prager gie derfan út dat hy de rest fan it seizoen oan Sparta Rotterdam ferhierd wurde soe. Mar de oergong liket op it lêste momint net troch te gean.

Sparta gie der fanút dat Prager al mei- spylje koe tsjin NEC en Hearrenfean. Mar Hearrenfean woe net dat de Easten- riker it tsjin syn âlde ploech opnimme soe. Sparta hat dêrnei neat mear hearre litten en Prager bliuwt dus by 't Fean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)