List mei wichtige Fryske froulju

27 jan 2006 - 11:40

De 25 wichtigste froulju fan Fryslân steane fan nije wike freed ôf yn in spesjaal boekje. Op de list stean boargemasters, deputearren, advokaten en froulju út it bedriuwslibben. It giet om de meast ynfloedrike froulju fan dit momint.

De list is gearstald troch studinten fan de studzje kommersjele ekonomy fan de Noordelijke Hogeschool yn Ljouwert. It is foar it earst dat sa'n list fan ynfloedrike froulju yn Fryslân ferskynt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)