Bilker oer ferkrêftingssaak

© Omrop Fryslân
Boargemaster Bilker fan Kollumerlân is bliid dat de ynwenners fan Westergeast en Aldwâld harren emoasjes goed yn betwang holden hawwe. Dat sei Bilker tongersdei yn in taspraak yn de gemeenteried nei oanlieding fan de ferkrêfting fan in famke út Aldwâld troch in ynwenner fan Westergeast.
Bilker sei yn syn taspraak ek dat de freondinne fan de fertochte de relaasje ferbrutsen hat en net weromkomme sil yn Westergeast.