Techno Lyceum yn de prizen
It Techno Lyceum fan it Friesland College yn Ljouwert hat 170.000 euro binnen helle by de Metopia Awards. Dizze lanlike prizen wurde alle jierren útrikt oan projekten dy't in soad betsjut ha foar de gearwurking tusken technyske beropsopliedings en it bedriuwslibben.
It Techno Lyceum hat no al foar de tredde kear efter inoar prizen wûn.